Home
nieuws
artikelen
Heech wetter in film
over het IJsselmeer
lasten 2010
djipte-ûntwettering
LLB wil het anders
Forse maatregelen
dynamisch peil kan
dynamisch peil
djipte-ûntwettering
muskusratten
Steun voor landbouw
Zeegemaal overbodig
archief
Wij over onszelf
Programma
Hoe denkt LLB over?
Links
Contact
Sitemap

Djipte-ûntwettering en pealrot

 

Yn de tachtiger jierren hâldt min de boeren foar dat mei djipte-ûntwettering wol 400 gûne jiers de hektare fertsjinje wie. Mar wa betelle dat? In nij gemaal dat djipper útmealt, tochtsleatten dy’t djipper makke warden, bytiden omlein, op plakken stekken by de sleat lâns om’t te min wetter yn de sleat stie op de sânplaten. Dat hat de mienskip allegear betelle.

De boer hie it foardiel. En de skea dan. Wa betellet dit? Hûzen fersakje troch pealrot. Polderdiken fersakje troch útdroegjen. Der komme minder greidefûgels. Dêr Fryslân optilt fan fee en blommen, is no ien grutte flakte fan ingels raai. En wa betellet de skea? De VVD wol it de minskyp wer yn de skuon skowe. Net allinnich de provinsje, mar ek oare oerheden as gemeenten en wetterskip soe meibetelje moatte. Mei hokker minsken is oerlein om it sa te regeljen? Wurdt dan twaris de mienskip oansprútsen? By de oanlis en letter by de skea? Is it net dat minsken oansprutsen wurde moatte foar it eigen dwaan en litten? Dat is doch in liberaal stânpunt! De kosten yn rekken bringe oan dyjinge dy it ek feroarsaket. De gedachte”de fersmoarger betellet.” wurdt faak tapast. Soe dat hjir net better jilde. Djipte-ûntwettering is ien grut lijen.       

De earste doel moat wêze: der hjoed mei ophâlde wer it net moat:  meitsje de skea by de hûzen net slimmer. In goeie regeling fan de bewenners mei hûzen mei pealrot moat der komme. Mar in heffing op wa djipte-ûntwettering ha wol, is ek nedich: wa fertsjinje wol oan de skea fan Fryslân, moat ek mar betelje.

 

Hessel Bouma , Turns

 

 

 

 

Lagere Lasten Burger  | E: fractie@lagerelastenburger.nl