Djipteûntwettering fan feanweidelân.Foar de djipteûntwettering fan feanweidelân moasten nije gemalen komme om djipper útmealle te kinnen, moasten tochtsleatten djipper makke en omlein wurde, moast men spekdammen en strykdammen meitsje ensfh. No is’t op plakken te droech, groeit der net folle mear oan blommen en soarten. Der moatte stekken by de sleatten lâns, oars rint it fee op in oar syn grûn omdat der te min wetter op de sânboaiem stiet en binne der minder fûgels en planten yn it lân.Wa betellet dit? Neffens Lagere Lasten Burger: immen dy’t it wol! Eigen ferantwurdlikheit hyt dat. Krekt as yn it ferkear. Wat swierder auto, hoe mear belêsting jo betelje moatte.Hoe moatte wy no oan mei de boeren dy’t net meidien ha en net meidwaan wolle? Troch tefolle wetter op it lân, wurdt dit sêft en dêrtroch makket it fee stapgatten yn de seade. Letter kin men sok lân wer rôlje. Dêrtroch komme der wer spoaren yn it lân dy’t men min wer rôlje kin. Omdat it doetiids net goed regele is, is it no yn de praktyk in rommelstje wurden. De ferantwurdlike minske moat oansprekber wêze foar syn dwaan en litten en dêr kin men de mienskip net foar bliede litte. Dêrom, is it sa dat neffens Lagere Lasten Burger, moat der foar elke bunder lân dat djipte-ûntwettering krigen hat, omtrint sa’n € 200.- fergoeding betelle wurde. Hjir by kin it fersakjen fan hûzen en skeade oan oan natuer en lânskip (sa as minder greidefûgels) betelje wurde.
|