|
Hessel Bouma Yn 1960 is Hessel troud met Elisabeth Abma en op in bourkerij yn Skuzum kaam. Yn 1982 biologysk boer wurden. As ien fan de earsten yn Fryslân, om’t dat minsken-bisten-planten-loft-grûn en wetter yn harmony mei elkoar omgean moatte. Oars sein: in minsk syn frijhyt giet sa fier, dat alles wat er docht as lit net ta skea gean mei fan in oar en de natoer. Hy hat altyd dernei stribbe in goede boer te wêze mei oandacht foar it streekeigene: fee, lân, sleatten, bisten foaral fûgels en hynders. De Fryske hynders foar de sjees, yn de fokferiening, trouride en rouride.De praktyske saken sprekke Hessel oan: de fearten mei de doarpen en brêgen heech genôch, foar de boatsjeminsken en de reedriders. Mar ek foar it wetter yn relaasje mei de natuer. Mear ôfstreame, minder pompe. Eigen wetterberging yn de polder. Mear eigen ferantwurdlikheid en de kosten yn rekken bringe wer se makke wurde.
|